Jo as tefreden klant. Dat is wêr’t de Friese Computerservice foar stiet. Mei ús persoanlike service en deeglike kennis binne wy foar jo dé kompjûterhelp foar hiel Fryslân. Earlik en profesjoneel.
Wisten jo dat wy – neist it fluch ferhelpen fan allround kompjûterproblemen – ek in tal oanfoljende tsjinsten oanbiede? Handige oplossings dy’t it wurkjen mei de kompjûter foar jo noch oangenamer meitsje! Jo moatte der dochs net oan tinke dat jo op in dei al jo gegevens kwyt binne? Of dat jo kompjûter fêstrint troch in firus of stof….
De Friese Computerservice biedt jo de folgjende oplossings:
Is jo kompjûter stikken? En hawwe jo it net oan tiid om de kompjûter fuort te bringen? Dan is ús kompjûterhelp oan hûsservice in útkomst foar jo. Skilje rêstich 058 – 785 02 82 foar in ôfspraak.
Kompjûters spylje hieltyd mear in wichtige rol yn ús libben. E-mail, ynternetbankiere, produkten keapje of ferkeapje binne ûnderwilens deistige aktiviteiten fan ús allegear. Oant it momint dat de kompjûter it net mear docht. Hoe kinne jo soks foarkomme? Lês alles dêroer yn ús wiidweidige Laptop en Computer Onderhoudsbeurt. (Computer APK).