Laptop Reparaasje

Laptop reparaasje en underdielen yn Fryslân

Is jo laptop stikken? Of wurket de laptop of kompjûter traach?
Mei de kompjûter en laptop reparaasje fan Friese Computerservice wurket jo kompjûter of laptop wer like fluch as eartiids en faak noch hurder as doe’t jo him kochten.

Ek kinne wy alle laptop ûnderdielen leverje. Jo betelje by ús al gau 50% minder as by de leveransier fan jo laptop. Friese Computerservice is festige yn Stiens, mar aktyf yn hiel Fryslân.

As jo leaver sels jo reparaasjes dogge, krije jo fan ús in oanpaste priis mei ûnderdielen ynklusyf de bepaalde koarting. De measte laptopûnderdielen sa as skermen, akkú’s, ‘voedingen ‘ en toetsebuorden binne altyd op foarried.Komponinten as ‘moederborden ‘, inverters lcd, tft, led kabels, hinges en covers fan laptops binne faak spesifiker en wurde sadwaande altyd op bestelling dien. De trochsneed levertiid is sawat 5 – 10 wurkdagen.

 

Myn laptop falt bûten de garânsje perioade, wat no?

Dat jo laptop stikken giet bûten de garânsje perioade is fansels net aardich, mar dochs wurdt in laptop/notebook dochs mar opstjoerd nei it fabryk. Hy wurdt dan fakkundich reparearre, mar de kosten binne tige heech. Wêrom soene jo in standert bedrach fan € 300,-- betelje  foar bgl. in kapot toetseboerd, wylst dit ek foar noch gjin € 65,- kin? Dat is de krêft fan Friese Computerservic. Jo betelje by ús foar it ûnderdiel dat ferfongen wurde moat, net de standertpriis foar in probleem dat nei alle gedachten folle minder kostet.

Faak wurdt in laptop al ôfskreaun as it skerm barsten is of it ‘moederbord ‘defekt is. Mar dat hoecht net! Jo kinne jo laptop in twadde libben jaan troch oer te gean ta reparaasje.

 

Friese Computerservice helpt jo graach!

Wy soargje derfoar dat de kompjûter/laptop by jo ophelle  wurdt (fansels meie jo it ek bringe) en dêrnei yn ús eigen reparaasjesintrum wer reparearre werombrocht. Mochten der reparaasjes wêze dêr’t de kosten sa heech fan binne, dat reparaasje net ferstannich is, nimme we altyd kontakt mei jo op. Sa komme jo net foar ferassings te stean en witte jo altyd wêr’t jo oan ta binne.

accu - adapters - computerhulp - DC jack - friesland - geen garantie - hinges - inverters - kabels - keyboards - laptop onderdelen - laptop reparatie - lcd scherm - led scherm - moederborden - notebook onderdelen - notebook reparatie - scharnieren - tft scherm - toetsenborden - voedingen

Selecteer Taal

Sociale Media

Friese Computerservice website is mobiel vriendelijk

Mobiel Vriendelijk
Android, Blackberry,iPhone

Friese Computerservice is iPad, Iphone en HTML5 compatible

iPad Vriendelijk
HTML5 Compatible

FrCoSe - Twitter van Friese Computerservice

Twitter
@FrCoSe

FrCoSe - Hyves van Friese Computerservice

Hyves
FrCoSe

Friese Computerservice - ICTWaarborgfonds lid